In links-sûvereinistyske tink- en aksjegroep yn Flaanderen


Meervoud is in links-nasjonalistyske tink- en aksjegroep foar in ûnôfhinklik Flaanderen, dy't de folgjende strategyske doelen neistribbet: it fuortsterkjen fan it Flaamsk nasjonaal bewustwêzen, nasjonale sûvereinens en folkssûvereiniteit yn in Flaamske steat. Wy binne fan betinken dat in eigen demokratyske rjochtsoarder de troch it wrâldwide grutkaptaal en de troch neoliberalisme útskeakele demokrasy yn Flaanderen werstelle moat. Om dy doelen te berikken jouwe wy alle moannen in tiidskrift út ûnder de namme ''Meervoud'' en wurde der struibrieven en boeken publisearre en oare inisjativen nommen en stipe dy't de realisaasje fan boppeneamde doelen tichterbij bringe.

Sûnt it ûnstean fan 'e Belgyske steat yn 1830 stipe de macht fan 'e Belgyske hearskjende klasse op de nasjonale grutyndustry. Mar sûnt de jierren tachtich fan 'e foarige ieu leit it lân dêr gâns oars hinne yn België. Belgi&eml; is no in part fan multinasjonale kapitalistyke groepen dy't de Jeropeeske folken in neoliberaal belied oplizze, benammen fia de Jeropeeske Uny (JU). Dat belied betsjut sosjaal ôfbraak en it útskeakeljen fan 'e demokrasy.

Mei stipe fan it wrâldwide grutkaptaal hat de Belgyske hearskjende klasse noch jimmer de toutsjes stevich yn hannen, mar hja is hieltiten minder de ideologyske liedende klasse foar de befolking. Wêrom? Om har hearskappij duorje te litten moat hja al mar mear gebrûk meitsje fan anti-sosjale en ûndemokratyske middels. Ien fan 'e pylders is it oerjaan fan foech oan net-keazen boppenasjonale organisaasjes lykas de Jeropeeske Uny.

Troch it ferlies oan ideologyske ynfloed fan 'e Belgyske hearskjend klasse bliuwt der fan it mienskiplike referinsjeramt fan Flaanderen en Walloanië, de twa naasjes dy't sûnt 1830 yn it Belgyske steatsramt libje, hieltiten minder oer. It Belgysk steatsnasjonalisme ferliest moat romte priisjaan oan de twa folken: it Flaamske en Waalske folk. It mienskiplik Belgysk belang ferfaget. Der waakst sa njonkenlytsen in nij fyzje op it algemien belang dy't net mear Belgysk is, mar Waalsk of Flaamsk.

Foar de linkse Flaamsk-nasjonalisten binne de folgjende prioriteiten fan grut belang:
  • It fuortersterkjen fan it Flaamsk nasjonaal bewustwêzen, ûnder mear troch de fierdere útbou fan 'e Nederlânske taal (6de taal fan Jeropa, 22 miljoen minsken - Nederland en Flaanderen), respekt foar de taalwetten yn en om Brussel hinne, tsjin it opkommend yndividualistysk konsumintisme, dêr't de Ingelske taal yn dominearreta. Net-diskriminaasje en yntegraasje fan nij-ynkommelingen yn Flaanderen troch harren oan te setten (foarsjoen fan de nedige oerheidsmiddels) om harren it Nederlânsk eigen te meitsjen.
  • Nasjonale sûvereiniteit foar Flaanderen as ûnôfhinklike steat yn in Konfederaasje fan Jeropeeske Steaten. (De Jeropeeske Uny beheint de folken oant etnyske groepen of regio's mei beheinde kulturele autonomy en noch minder ekonomysk foech). In Flaamske steat moat syn sûvereiniteit feroverje troch him te ûntlûken oan de twang fan it wrâldwide grutkaptaal dat de nasjonale sûvereiniteit fan folken ferfangt troch de sûvereiniteit fan oandielhâlders en managers.
  • In Flaamske steat is ynternasjonalistysk dat wol sizze dat der in grutte iepenheid nei oare steaten en folken ûntjûn wurde sil dat swierrichheden tusken folken freedsum oplost wurde moatte. In sûvereine Flaamske steat moat de relaasjes mei ús buorlannen en it Waalske folk yntens en konstruktyf ûntjaan. De linkse Flaamske nasjonalisten wolle oparbeidzje mei alle demokratyske en sûvereinistyske bewegings yn Jeropa en yn de wrâld.
  • Linkse Flaanske nasjonalisten sjogge útbou fan de folkssûvereiniteit as in betingst foar it herstel fan 'e demokrasy. Elts gesach fan 'e oerheid heart de útdrukking fan 'e wil fan it folk te wêzen as utering fan in ynterne demokratyske rjochtsoarder. Hja is de boarne fan eltse politike legitimiteit. (Wy fersmite de legitimiteit fan demokratysk net te kontrolearjen boppenasjonale technokratyske organisaasjes lykas de EU, it YMF, de NAFO en de OESO...)

Wy wolle de demokratyske oarder ek rjochtsje op de sosjaal-ekonomyske ûntwikkeling fan de naasje. Wy tinke ûnder mear oan de demokratyske kontrôle op it kaptaal, oan in kontraktueel ramt yn de ekonomy tusken bedriuwen en oerheid (dêr't de sosjale en myljeunoarmen yn ôftwongen wrude kinne en de ynspraak fan fakbûnen en konsuminten wizânsje is), oan in sosjaal rjochtfeardich belestingsstelsel, oan folweardige wurkgelegenheid en sosjale sekerheid...Soks kin net sûnder in brek mei de neoliberale beleidsresepten.
It herstel van de demokrasy fia de folkssûvereiniteit sil helpe om de groeiende kleau tusken ryk en earm yn Flaanderen ticht te meitsjen en is de bêste wei nei it herstel fan de welfeart en it wolwêzen fan it Flaamse folk.

Brussel, foarjiersmoanne 2005